Wüst pakt sulver, Boer brûns

Ireen Wüst hat tongersdei it sulver pakt op de 1000 meter by de Olympyske Spelen yn Sotsji. Wüst ried in tiid fan 1.14.69. Yn de Adler Arena wie it goud ferrassend foar de Sinese Hong Zhang. Sy sette al yn de sânde rit in winnende tiid fan 1.14.02 op 'e klok en liet dêrmei de konkurrinsje fier achter har. It brûns gong nei Margot Boer yn in tiid fan 1.14.90.
Marrit Leenstra kaam mei in tiid fan 1.15.15 út op it sechsde plak. Lotte van Beek waard mei 1.15.10 fyfde. Heather Richardson, de freondinne fan Jorrit Bergsma, waard sânde.
Foar Ireen Wüst is it de twadde Olympyske medalje. Snein pakte se op de 3 kilometer al it goud. Ek foar Margot is it de twadde Olympyske plak. Sy helle tiisdei ek al brûns op de 500 meter. Troch de beide medaljes komt Nederlân no op 12 Olympyske plakken, allegear helle troch de reedriders.