Earste petear fearboatoarloch

Fearboat Spathoek fan de EVT
Amtners fan it ministearje fan Ynfrastruktuer en Miljeu hawwe woansdei in earste oriïntearjend petear hân mei alle belutsen partijen by de fearboatoarloch op Skylge. It petear is it ferfolch op de útspraak fan de rjochter dat de Eigen Veerdienst Terschelling foarearst farren bliuwe mei op Skylge. De rjochter sei boppedat dat der in dialooch op gang komme moat mei de stridende partijen.
Amtners hawwe praat mei fertsjintwurdigers fan Skylge, Flylân, rederij Doeksen en de EVT. Wannear't in ferfolchpetear plak fine sil, is noch net bekend.