Bonken potfisk nei Lekkerkerk

De bonken fan de foarich jier op Skylge oanspielde potfisk binne tongersdei fanút Harns op transport set. De bonken gean nei Lekkerkerk. De kommende moannen wurdt it skelet dêr preparearre troch Bas Perdijk. Hy makket in metalen konstruksje dy't de bonken byinoar hâldt.
Begjin juny komt de potfisk dan wer werom nei Harns. Dat is krekt foar de oankomst fan de tall ships dy't meidogge oan de tallshiprace en de stêd yn july oandogge. It skelet krijt in plak by de loads dêr't ek de replika fan de Willem Barentz boud wurdt.