Geert dielt Falentynblommen út

13 feb 2014 - 14:58

Omrop Fryslan radio grypt Valentijnsdei oan om minsken dy't it fertsjinje ris ekstra yn it sintsje te setten. Harkers kinne nammentlik har eigen leafste opjaan, foar in boskje blommen. Ferslachjouwer Geert van Tuinen sil de blommen freed tusken 16.00 en 18.00 oere útdiele, live op de radio.

It giet om in bysûndere edysje fan de readetried. Opjaan kin, mei namme en motivaasje op rt@omropfryslan.nl. En it hoecht net allinnich te gean om echte leafdesferhalen. Ek de buorfrou of in goede freon komt yn de beneaming foar in aardichheidsje.

De moaiste, leafste en meast bysûndere ferhalen meitsje de measte kâns, mar sa seit Geert van Tuinen: 'Net te lang stinne, gewoan opjaan. Wy meitsje der in leuke middei fan.'

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)