'Blokker Tuin yn oertreding'

13 feb 2014 - 14:26

Blokker moat fuortendaliks ophâlde mei it ferkeapjen fan guod lykas húshâldlike apparatuer yn de festiging fan Blokker Tuin oan de Jousterwei op It Hearrenfean. Dat seit wethâlder Siebren Siebenga fan de gemeente Hearrenfean.

Op It Hearrenfean is gewoane detailhannel, lykas de ferkeap fan lytsere elektryske apparaten, allinnich yn it sintrum tastien. De winkels oan de râne fan It Hearrenfean, lykas Blokker Tuin, meie allinnich grutte saken ferkeapje. Blokker Tuin is it net iens mei dit belied en hat in rjochtsaak rinnen tsjin de gemeente.

Blokker wol ek dat de gemeente, salang de saak ûnder de rjochter is, ophâldt om Blokker Tuin twangsommen op te lizzen foar it oertreden fan de regels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)