Finale foar Knegt en Breeuwsma

It Nederlânske shorttrack kwartet, Sjinkie Knegt, Daan Breeuwsma, Niels Kerstholt en Freek van der Wart, hat yn Sotsji op de 5000 meter ôflossing by de Olympyske Spelen de finale helle. Yn de heale finale mei as tsjinstanners Amearika, Súd-Koreä en Kazachstan wie de ploech goed by de les. Yn de lêste rûntsjes gongen de twa grutste konkurrinten, Amearika en Súd-Koreä, ûnderút. Doe wie it foar Nederlân maklik om de winst te pakken, foar Kazachstan. Amearika krige letter it foardiel fan de sjuery en mei ek meidwaan oan de finale.
Yn de oare heale finale waarden Ruslân en Sina ien en twa en sadwaande finalist. De finale is op freed 21 febrewaris. It wurdt dan in finale mei fiif lannen, omdat Amearika net skuldich wie oan de falpartij mei Súd-Koreä.