Groenewold betrouwen yn Marrit

It hat in goeie set west om Marrit Leenstra de 500 meter op de Olympyske Spelen ride te litten, as tarieding op de oare ôfstannen. Dat seit har coach Renate Groenewold. Sy hat alle betrouwen yn in goede rit op de 1000 meter.
Foar Marrit Leenstra út Wikel binne it de earste Olympyske Spelen. Ofrûne tiisdei die se mei oan de 500 meter. Oer har earste rit wie se net tefreden, oer de twadde hie se in better gefoel. Tongersdeitemiddei ferskynt Marrit oan de start fan de 1000 meter.