Grutte ferkearskontrôle H'fean

13 feb 2014 - 12:37

De plysje hat woansdeitejûn op de Rottumerwei op It Hearrenfean in grutte ferkearskontrôle holden yn ferbân mei it hege tal ynbraken fan de lêste tiid. Dit soart kontrôles wurde holden yn wiken dêr't in soad ynbrutsen wurdt. Doel fan de aksje is om yn byld te bringen wa't troch dizze wiken rydt en fertochten oanhâlde te kinnen.

De kontrôle hat neffens de plysje Hearrenfean belangrike ynformaasje opsmiten. Dizze metoade is no sa'n 20 kear brûkt troch de plysje Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)