Vrij Veilig Team yn Ljouwert

13 feb 2014 - 11:58

It Vrij Veilig Team fan de GGD is freedtemoarn aktyf op it treinstasjon fan Ljouwert. It team besiket jongeren safier te krijen dat se meielkoar prate oer har winsken en grinzen op it mêd fan seks. Ut sifers docht bliken dat 18 prosint fan de famkes en 4 prosint fan de jonges wolris konfronteard wurdt mei net winske seksueel gedrach.

Troch ûnder oare spesjale koekjes út te dielen hopet de GGD jongeren safier te krijen dat se dúdlik binne oer seks. De aksje makket diel út fan in aksjewike fan de trije noardlike GGD's.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)