Winkels H'fean iepen op snein

Drokte yn de supermerk © ANP
Supermerken yn de gemeente Hearrenfean meie yn de takomst mooglik op snein iepen wêze. Boargemaster en wethâlders stelle de gemeenteried foar dêr ta te besluten. Supermerken soene dan tusken tolven en seizen iepen meie. Foar de supermerk yn Akkrum jildt yn it toeristeseizoen in slutingstiid fan acht oere.
Neist supermerken soe der neffens boargemaster en wethâlders ek in ûntheffing komme moatte foar boumerken, wenwinkels en túnsintra. Op 24 maart beslút de rie oer it foarstel.