Hettinga bestjoersfoarsitter

13 feb 2014 - 10:34

Anne Hettinga wurdt de nije foarsitter fan it stichtingsbestjoer fan Sportklup Hearrenfean. Hettinga wie al ynterim-foarsitter, neidat der yn desimber ferline jier in nij bestjoer beneamd waard by de fuotbalklup.

It plak dat Hettinga hie yn it bestjoer as finansjeel deskundige wurdt ynfold troch René de Wilde. Dy is akkountant by Deloitte en hat ûnderfining yn de fuotbalwrâld opdien by Drachtster Boys.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)