Yn maart beslút begrutting DFM

13 feb 2014 - 10:27

De gemeenteried fan De Fryske Marren nimt yn maart in beslút oer de begrutting fan de gemeente foar de kommende jierren. Yn dy begrutting is foar njoggen miljoen euro oan besunigings ferwurke. Ein ferline jier mochten ferienings en ynstellings har oardiel jaan oar de besunigings. Dizze opmerkings wurde meinaam by it fêststellen fan de begrutting.

De begrutting wurdt op 10 maart behannele yn in kommisje en yn de riedsgearkomste fan 18 maart.

Trefwurden: 
De Friese Meren begrutting
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)