'Su het ut weest' moat offline

De populêre Facebookpagina 'Sneek, Su het ut Weest' moat sa gau mooglik offline helle wurde of fan namme feroarje. Dat wol alteast de Noordelijke Dagblad Combinatie, de NDC. De site mei allerhanne ynformaasje oer de skiednis fan Snits soe tefolle meilifte op de rubryk Su het ut Weest fan it Sneeker Nieuwsblad.
Inisjatyfnimmer Peter van Egmond krige dizze meidieling fan de NDC woansdei fia de tillefoan. Van Egmond seit dat er dêr bot fan skrokken is, mar dat er net fan doel is om syn webside offline te heljen.
Van Egmond pleatste op de webside in berjochtsje oer it tillefoantsje fan de NDC. Dat soarge foar hûnderten reaksjes fan fans op de Facebookpagina.