Stoarm hinderet pompen Ingelân

De pompen fan Van Heck út Noardwâlde ha yn Ingelân noch gjin liter wetter fuortpompt. It waaide woansdei te hurd om mei in kraan de grutte ôffierbuizen oan de pompen te pleatsen. En dat wylst it wetter yn it westen fan Ingelân elke dei heger komt te stean. Hiele doarpen binne al evakuearre en it liket net better te wurden.
De pompen moatte der foar soargje dat it wetter wer sakket. Nettsjinsteande it opûnthâld is it hurd trochwurkjen foar it personiel. Direkteur Jeroen van Heck hopet dat syn pompen tongersdei oan 'e slach kinne.