Aksje tsjin 'De Fryske Marren'

12 feb 2014 - 20:39

De Stichting Vrienden van de Friese Meren wol mei in boargerinisjatyf de ferfrysking fan de gemeentenamme De Friese Meren foarkomme. Woansdei besleat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders definityf dat de namme fan de fúzjegemeente feroare wurde moat yn De Fryske Marren. Dat kostet goed 200.000 euro.

De stichting fynt dat fierstente djoer. Neffens harren is it benammen oan kolleezjepartij FNP te tankjen dat dizze kar makke wurdt, mar binne der gjin goede arguminten. Mei it boargerinisjatyf hopet de stichting it beslút út te stellen.

De stichting wol tiid rekke om sa sels berekkenje te kinnen hoe djoer de nammewiziging no echt is. Foar it boargerinisjatyf binne 50 hantekenings nedich en dy binne fia facebook al binnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)