Reitse makket Falentyn-miel

Yn it Ronald McDonaldhûs yn Ljouwert waard woansdei in Lekker Ite Kookfestijn organisearre. Tillevyzje-kok Reitse Spanninga en syn frou Tryntsje makken mei tolve bern dy't diabetes hawwe in Falentyn-menu. De Spanninga's binne ambassadeurs fan it Ronald McDonalds Hûs en sadwaande meitsje se in pear kear yn it jier iten foar spesjale doelgroepen.
Yn de keuken wienen ek bernediabetesferpleechkundigen oanwêzich. Sy seagen ta hoefolle gram koalhydraten der yn de ferskate gerjochten sieten en kontrolearren by it iten de bloedwearden fan de bern.