Grutte fjochtpartij skoalplein

12 feb 2014 - 17:07

Op skoalmienskip Piter Jelles De Brêge yn Ljouwert wie woandei in grutte fjochtpartij op it skoalplein. De fjochtpartij ûntstie tusken in learling fan de skoalle en syn heit en in groep learlingen fan in oare skoalle yn de stêd. De groep learlingen fan de oare skoalle hiene de kaai fan de Piter Jelles-learling ôfpakt. Doe't er dy net werom krige, belle er syn heit om him mei de auto op te heljen. Dy besocht de kaai werom te krijen, mar dat slagge net.

Doe't heit en soan fuortride woene, ûntstie in fjochtpartij.

De plysje hat úteinliks in ein makke oan de sitewaasje. Neffens it Piter Jelles is der wolris faker opskuor mei learlingen fan oare skoallen, mar sa heftich noch noait. De lieding nimt kontakt op mei de oare skoalle om te soargjen dat soks net faker bart. It is noch net dúdlik wat de gefolgen binne foar de learlingen dy't belutsen wiene by de fjochtpartij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)