Flylân baalt fan sluting bank

12 feb 2014 - 16:49

De gemeente Flylân fynt it in minne saak dat de Rabobank ek har servicekantoar op it eilân slute sil. De Rabobank makke bekend dat se de doarren fan ferskate kantoaren yn it gebiet Ljouwert-Noardwest-Fryslân slute.

Eilânbewenners en ek toeristen moatte aanst nei Frjentsjer om har banksaken te regeljen. De fêstiging yn Harns giet ek ticht. Neffens wethâlder Rients Hoekstra hie foar it waadeilân in útsûndering makke wurde moatten. Benammen út eachpunt fan ûndernimmers dy't wurkje yn de hoareka en toerisme.

Trefwurden: 
Flylân Rabobank
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)