Goud en brûns op 1000 meter

Stefan Groothuis hat woansdei de 1000 meter wûn yn Sotsji mei in tiid fan 1.08,39. Neist de gouden medalje helle Nederlân ek noch in brûnzen plak. Michel Mulder einige as tredde mei 1.08,74. Twad waard de Kanadees Denny Morrison.
Nederlân hat no mei elkoar al tsien medaljes wûn. Michel Mulder wûn moandei in gouden plak op de 500 meter. Hy is dêrmei de earste Nederlânske rider dy't op beide sprintôfstannen in medalje wint op de Spelen.