Sven Kramer yn Donald Duck

Sven Kramer spilet de haadrol yn in spesjale edysje fan de Donald Duck. It earste eksimplaar fan dit wykblêd is woansdei oanbean op de basisskoalle dêr't Sven ek op sitten hat, de Tjongerskoalle yn Mildaam. In skype-ferbining mei de reedrider yn Sotsji slagge net, mar de bern koenen mei de betinker fan de ferhalen prate. De skriuwer wol de lêzers meijaan dat se har dreamen wier meitsje kinne. Dat hat Sven ek sjen litten troch hurd te wurkjen.
Sven hat de namme Zwaan Kranig krigen yn it blêd en ek syn heit en mem komme oan it wurd.
De spesjale nûmers fan Donald Duck mei regionale helden dogge it goed yn de ferkeap. André van Duin spilet meikoarten de haadrol yn in spesjale Donald Duck.