Undersyk nei oantaastingen

De plysje docht ûndersyk nei tal fan oantaastingen yn en om Ljouwert en siket nei froulike slachtoffers dy't har net meld hawwe. Ein foarich jier is in 23-jierrige Ljouwerter oanhâlden. Hy hat njoggen saken bekend dy't yn 2012 en yn 2013 west ha yn Ljouwert en fiif kilometer deromhinne.
Hy gie hast altyd op deselde wize te wurk. Al fytsend bedrige er de froulju, dat die er nachts let of moarns iere betiid. Hy soe ek út wêze op jild en guod. De plysje slút mear slachtoffers net út en ropt froulju dêrom op konktakt mei de plysje op te nimmen.