Airbags út auto's stellen
It ôfrûne wykein binne by in garaazje oan de Kattebosk op It Hearrenfean 17 airbags stellen. Fan 17 auto's wiene alle ruten fernield en de airbags meinommen. De stellerij moat west hawwe tusken sneontemiddei healwei seizen en moandeitemoarn tsien oere. De plysje freget minsken dy't wat sjoen hawwe dat te melden.