Jeugdwet troch Earste Keamer

De Earste Keamer is tiisdeitejûn akkoart gien mei de oerheveling van de jeugdsoarch nei de gemeenten. De tasizzing om in ûnôfhinklike kommisje yn te stellen dy't alle feroarings yn de gaten hâldt, hat de measte partijen oer de streek lutsen. De opposysjepartijen hawwe grutte beswieren tsjin de grutte druk en de besuniging fan 450 miljoen euro.
Neffens de steatssekretaris hoege minsken net benaud te wêzen dat bern gjin of net de goede soarch krije sille. De gemeente giet net op de stoel fan de soarchprofesjonals sitten.