Sotsji, dei 6: 1000m manlju

Op dei 6 fan de Olympyske Spelen yn Sotsji komme gjin Friezen yn aksje. Op it programma stiet de 1000 meter by de manlju. Fansels is Nederlân wol fertsjintwurdige mei Stefan Groothuis, Michel Mulder, Mark Tuitert en Koen Verweij. De wedstriid begjint om 15.00 oere Nederlânske tiid. Regearend Olympysk kampioen is de Amerikaan Shani Davis.
Tongersdei komme de shorttrackers wer yn aksje en wurdt de 1000 meter by de froulju ferriden, mei Marrit Leenstra, Margot Boer en Ireen Wüst oan de start.