Rabobank slút tal fêstigings

De Rabobank Ljouwert-Noardwest Fryslân slút in tal fan syn kantoaren. De bank docht dat omdat hieltyd mear klanten har saken fia ynternet regelje en net mear nei de bank sels komme. It giet om de fêstigings yn Harns, Menaam, Stiens, Wytmarsum en Flylân. Dêrneist wurdt it kantoar oan it Raadhúsplein yn Frjentsjer ferhuze nei in al besteande fêstiging fan de bank oan Het Want. Pinautomaten bliuwe oer.
De gebouwen op Flylân en yn Harns wurde troch de bank ferkocht, by de oare fêstigings giet it om gebouwen dêr't de hier fan opsein wurdt.
De ûndernimmingsrie fan Harns is net bliid mei de sluting fan it servicekantoar fan de Rabobank yn har binnenstêd. De groeiende leechstân is net goed foar it imago fan de binnenstêd.
Neist it sluten fan kantoaren binne de fêstigings yn Midslân op Skylge en yn Sint Anne tenei minder lang iepen en ferhúzet de jildautomaat yn Menaam.