Ljouwerteradiel no de koelste

11 feb 2014 - 19:18

De gemeente Ljouwerteradiel is op dit stuit de koelste gemeente fan Fryslân. It giet om in aksje fan 'Veiligheidsregio Fryslân', dy't ferline jier oktober útein sette. Doel is om de Friezen better neitinke te litten oer wat se dwaan moatte by ûngelokken of rampen. Neffens saakkundigen reitsje te folle minsken yn panyk en dogge se te min om har ta te rieden op ferfelende situaasjes lykas stroomútfal.

Fia de webside www.hoekoelblijfjij.nl kinne Friezen punten foar har gemeente skoare. Hoe mear fragen goed beandere wurde, hoe mear punten. De gemeente mei de measte punten krijt fan 't simmer in bokaal. Op dit stuit liket Ljouwerteradiel dy te winnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)