Frysk sukses op NK Judo -20

Frysk sukses sneon by it Nederlânsk Kampioenskip Judo ûnder de 20 jier yn Nijmegen. Judoka Margriet Bergstra út Lemmer wie by de froulju yn de klasse oant 63 kg oppermachtich. Bergstra, útkommend foar JTS Hearrenfean, wûn har earste Nederlânske titel. Brûns wie der foar klupgenoate Elea de Gans. Esmee van Sloten út Drachten won yn de klasse oant 78 kg it sulver. By de manlju wie der goud foar Junior Degen (-66 kg), ek útkommend foar JTS Hearrenfean. Gert Rabe fan sportskoalle Poelstra út Frjentsjer pakte yn syn klasse oant 100 kg it brûns.