Froulju snipt by stellen BH's

Winkelstrjitte de Nijstêd yn Ljouwert
De plysje hat sneon fanút in grutwinkelbedriuw oan de Nijstêd twa froulju (23) út Ljouwert ophelle. De froulju wiene troch in befeiliger trapearre doe't sy besochten om in tal BH's en sinnebrillen te stellen.
Yn 'e tas fan de froulju waarden klean fûn dy't by in oare winkel stellen wiene. De froulju waarden heard op it plysjeburo en krigen proses-ferbaal.