Ynbraak Achmeatoer ferhindere

De Achmeatoer mei op de foargrûn de Prins Hendrikstjitte © Omrop Fryslân
Yn Ljouwert is sneintemoarn betiid in man oppakt omdat er ynbrekke woe yn de Achmeatoer. De plysje hie dêr in tip oer krigen. Doe't se der kamen te sjen, hearden se glês ratteljen en seagen se in man fuortrinnen. Hy hie noch in life-hammer yn 'e hân. It die bliken dat er it glês fan de lunsjroom yn de Achmeatoer al stikkenmakke hie.
De plysje hat de man, in 47-jierrige Ljouwerter, meinaam nei it buro.