Ynbraak yn kapperssaak

12 feb 2012 - 13:19
Foto: Foto Anton Kappers

By in kapperssaak oan de Esdoornstrjitte yn Ljouwert is yn de nacht fan sneon op snein ynbrutsen. De ynbrekker koe der ynkomme troch de foardoar te fernielen. Der is kappersark stellen, mar ek in sadel en in haadstel foar in hynder.

Wat de krekte wearde fan it stellen guod is, is net bekend.

Trefwurden: 
ynbraak stellerij kapperssaak
(advertinsje)
(advertinsje)