Brûns foar Boer op 500 meter

Margot Boer fan Goaiïngaryp hat tiisdei in brûnzen medalje wûn op de 500 meter yn Sotsji. Boer stie nei de earste omloop noch fyfde, mar se ferbettere harsels troch yn de twadde omloop 37,71 te riden. It goud gie, lykas ferwachte, nei de Súd-Koreaanse Sang-Hwa Lee. It sulver wie foar de Russin Olga Fatkulina.
Foar Boer is de brûnzen medalje in befrijing. Fjouwer jier lyn, yn Vancouver, waard se fjirde. It is in histoaryske medalje, want noch nea earder wûn in Nederlânske frou in medalje op de 500 meter.
De twadde 500 meter wie in spannende oangelegenheid foar Boer, want se ried earder as har grutte konkurrintes en moast doe ôfwachtsje oft har 37.71 genôch wie foar in medalje. Boer is út de skroeven mar har tredde plak. 'Ik heb de afgelopen jaren keihard gewerkt. Het is dan zo mooi, dat dat er nu uitkomt. Het is geweldig.'
Marrit Leenstra fan Wikel waard 19de. Sy lei de 500 meter ôf yn 39.03 en 38.70. Laurine van Riessen en Lotte van Beek waarden alfde en 16de.