Jonkje ferdronken yn Ljouwert

It ûngelok gebeurde oan de Robinsonstrjitte © Anton Kappers
In jonkje fan twa is tiisdeitemiddei ferdronken yn in fiver by de Robinsonstrjitte yn Ljouwert. It slachtofferke soe mei syn fytske yn it wetter rekke wêze. Neidat it jonkje út it wetter helle wie, is noch besocht him te reanimearjen. Dat is lykwols net slagge.
Nei ûndersyk giet de plysje der fanút dat it om in needlottich ûngelok giet.