Wierumer Aak nei Lauwerseach

De Wierumer Aak WL 19 wurdt foar fiif jier yn brûklien jûn oan Water Events Lauwerseach. De replika fan dit ferneamde fiskersskip wurdt dêrmei yn de feart hâlden. Dat stie faai, want it skip hie te min frijwilligers en ek gjin skipper mear. It skip drige dêrtroch op it droege te bedarjen en de funksje fan farrend monumint te ferliezen.
It skip is earder boud om de werinnering oan de ramp fan Moddergat fan 1883 en de skiednis fan de fiskersdoarpen oan de Fryske kust yn libben te hâlden.