Plysje: net op Waadiis

De plysje warskôget waadrinners foar beweechber iis. Sneon waarden op it Waad boppe Pieterburen yn Grinslân kuierders sjoen dy't dêr sûnder saakkundige begelieding omrûnen. As it leech wetter is, komt it iis yn beweging en kinne der gefaarlike situaasjes ûntstean.
Minsken dy't snein it Waad op wolle moatte goed kontrolearje wannear't it leech wetter is. De plysje advisearret har driuwend om dan foaral net it iis op te gean