Fries by grand slam bartending

De meast eksoatyske drankjes meitsje se. De tritich bartenders dy't dizze dagen yn Assen stride om de Grand Slam titel. De hiele wrâldtop docht mei oan dit evenemint dat tagelyk mei de hoareka-fakbeurs organisearre wurdt. Dêrby is ek André Lenes fan Haskerhoarne, de Nederlânske kampioen bartenden.
Bartending is it miksen fan cocktails op spektakulêre wize. In sjuery beoardielet de prestaasjes fan de barmanlju, mar André hat syn dei net. Fanwege syn teloarstellende prestaasjes yn de foarrûnde giet de titel yn Assen oan syn noas foarby.
Lenes is eins boufakker en docht it bartenden as hobby.