De Groot stjoert NVWA fuort

11 feb 2014 - 14:04

Meiwurkers fan Voedsel- en Warenautoriteit NVWA hawwe tiisdeitemoarn besocht it fee fan biologysk greidboer Thom de Groot yn Goattum by Grou yn beslach te nimmen. Neffens de NVWA soene de bisten fan De Groot net goed behannele wurde. De Groot hat de meiwurkers fuortstjoerd en yntusken mei de trekker de tagong ta syn pleats blokkeard.

Neffens De Groot wurdt syn fee goed behannele. Dat is yntusken ek befestige troch syn fee-arts. De Groot tinkt dat de aksje fan 'e NVWA te krijen hat mei syn prinsipiële opstelling as it om de earmerken giet.

De NVWA kaam tiisdeitemiddei wer werom mei trije plysje-auto's en in feewein. De NVWA ferklearret dat se 18 kij yn beslach nimme wolle fanwege fertutearzing. De NVWA kin net mei auto's op it hiem komme, omdat De Groot syn trekker de tagong blokkeart.

De Groot koe syn ferset lykwols net folhâlde. Mei help fan de plysje waard de trekker fan de daam helle. De feewein fan de NVWA koe doe op it hiem komme en de 18 kij dy't yn 'minder hygiënyske omstannichheden' ferkeare soene, meinimme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)