FNV kritysk oer trochstart VDM

11 feb 2014 - 11:59

It fakbûn FNV is der net bllid mei dat huzebouwer VDM út Droegeham in trochstart makket troch middel fan in fallisemint. Neffens Alje Stuivenberg fan it FNV hie in reorganisaasje better west foar in soad belutsenen. VDM sit yn swier waar en hat útstel fan betelling oanfrege. Direkteur Jan Hoekstra ferwachtet dat tiisdei de lêste details foar in trochstart regele wurde sille.

De 142 wurknimmers wurde woansdei op 'e hichte brocht. It FNV wit offisjeel noch fan neat, sa seit Stuivenberg.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)