Doarpswapen foar De Rottefalle
De Rottefalle krijt lang om let in doarpswapen. Alle doarpen yn Smellingerlân hiene al sa'n wapen, De Rottefalle noch net. In kommisje hat de ôfrûne tiid dwaande west mei it ûntwerp. Yn it wapen sitte ferwizings nei de doarpstsjerke, de Lits en it boulân by De Rottefalle. It doarp wol it wapen daliks brûke op de doarpstsjerke.
Ek moatte der stickers komme, mokken en sporttassen mei it wapen derop. Op 5 maart sil doarpsbelang oer it ûntwerp stimme.