Diel harktoets Ingelsk mei oer

11 feb 2014 - 11:32

In pear tûzen Fryske havo- en vwo-eineksamenlearlingen krije de mooglikheid in part fan in lanlike sjoch- en harktoets Ingelsk oer te dwaan. Yn in lyts part fan de toets, dy't ein jannewaris ôfnaam is, krigen learlingen te min tiid om in fraach goed lêze en beantwurdzje te kinnen. Toets-ynstitút Cito docht ûndersyk nei de oarsaak fan de software-flater en jout learlingen de mooglikheid om op 17 maart in lyts part fan de toets op 'e nij te meitsjen.

It sifer fan de harktoets telt mei foar it úteinlike eineksamensifer.

Trefwurden: 
Ingelsk cito harktoets
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)