'Gjin flaters kontrakt Ziyech'

SC Hearrenfean hat gjin flaters makke by de kontraktbesprekkings mei middenfjilder Hakim Ziyech. Dat seit SC Hearrenfean-direkteur Hans Vonk. Neffens TV-programma Voetbal International soe Hearrenfean fersomme hawwe it kontrakt mei de talintfolle middenfjilder iepen te brekken. Mei as gefolch dat Ziyech kommende simmer ferkocht wurde moat, omdat hy oars in jier letter fergees fuort kin.
'Net wier', sa seit Vonk. SC Hearrenfean praat al sûnt augustus 2013 mei de middenfjilder oer ferlinging fan it kontrakt. Dy besprekkings rinne noch.