51.000 griene boekings Doeksen

11 feb 2014 - 10:42

Rederij Doeksen hat yn 2013 mear as 51.000 saneamde griene boekings hân. Klanten fan de rederij betelje dan frijwillich 50 sint ekstra om de CO2-útstjit te kompensearjen. Ek alle oerfearten fan it personiel wurde op dizze wize ferrekene.

De kompensaasje betsjut dat 1500 húshâldens yn Súd-Afrika skjinner itensiede kinne. De 50 sint dy't ekstra betelle wurdt, giet nei it Fair Climate Fund en dy set dêrmei projekten op yn ûnder oare Súd-Afrika om de CO2-útstjit dêr omleech te krijen.

Op termyn wol Doeksen ek griene skippen mei in LNG-ynstallaasje brûke. Wannear dizze skippen der komme, wit Doeksen noch net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)