Meiwurkers Caparis fiere aksje

De Caparis-meiwurkers giene betiid op reis nei Den Haach
Fan Ljouwert en Drachten út binne tiisdeitemoarn bussen mei Caparis-meiwurkers nei Den Haach ôfreizge. Meiwurkers fan sosjale wurkplakken yn it hiele lân komme dêr foar in grutte manifestaasje. Reden foar de aksje binne de soargen dy't libje oer de ynfiering fan de nije partisipaasjewet, de CAO en it pensjoen. Grutste punt fan soarch binne de drastyske besunigings dy't it kabinet trochfiere wol.
De fakbûnen binne benaud dat minsken dy't der by de wurkfoarsjenning út moatte net wer oan it wurk komme.