Ravestein ferlit Opsterlân

Boargemaster Francisca Ravestein fan Opsterlân wurdt de nije boargemaster fan de gemeente Pijnacker-Nootdorp yn Súd-Hollân. Ravestein is sûnt 2008 boargemaster fan Opsterlân. Dêrfoar siet se ûnder oare foar D66 yn de Twadde Keamer.
Ravestein is unanym foardroegen troch de gemeenteried fan Pijnacker-Nootdorp. Opsterlân moat no op syk nei in nije boargemaster.