Jong Hearrenfean pakt punt

10 feb 2014 - 21:22

Jong Hearrenfean hat oan de útwedstriid tsjin Jong Heracles Almelo ien punt oerholden. Op it keunstgers fan it Polman stadion waard it 2-2. Milano Koenders sette de thúsploech nei in kertier op foarsprong. Samir Fazli en Daley Sinkgraven soargen yn de lêste seis minuten foar it skoft foar de 2-1 Feanster foarsprong. Tsien minuten foar tiid soarge Aleksei Kangaskolkka foar de 2-2 einstân. By Hearrenfean spile Juka Raitala nei in blessuere de hiele wedstriid.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)