Skea by begraafplak Appelskea

Der is foar sa'n 10.000 euro oan skea oanrjochte op begraafplak De Oosterse Es yn Appelskea. Sûnt woansdei is dêr in koperdief aktyf. Hast alle nachten nimt dy wer wat mei. Yntusken is der al by acht ornaminten koper fuorthelle en binne der fjouwer oanjeften dien by de plysje.
Jaap Bouma, bestjoersfoarsitter by de Stichting Begraafplaatsen Appelscha, is bang dat der aanst op mear begraafplakken yn de regio koper fuorthelle wurdt.