Fryske tsjinst yn Amsterdam

© Omrop Fryslân
Yn Amsterdam wurdt kommende snein om 16.00 oere in Fryske tsjerketsjinst hâlden. Yn de Betheltsjerke is romte foar Amsterdammers mei in Fryske eftergrûn, of Hollanders dy't ynteresearre binne yn it Frysk. Foar minsken dy't gjin Frysk ferstean is der in Nederlânske gearfetting beskikber. Foargonger is de Fryske dûmny Trinus Hibma en it tema is 'Sûnder Wurk'. Nei de tsjinst is der kofje mei Fryske koeke.