Mear wetterskipslesten boarger

De lesten dy't boargers foar it Wetterskip betelje binne de lêste tsien jier folle mear tanaam as dy foar it boerebedriuw. Dat blykt út sifers fan it CBS dy't sammele binne troch de Ryksuniversiteit fan Grins. Boeren betelje noch likefolle as yn 2000, mar troch in sterke ferheging fan de lesten foar de boargers is it boere-oandiel yn de lesten sakke fan 30 prosint nei 12 prosint.
De kosten fan it Wetterskip binne mei 25 miljoen euro yn it jier omheech gien en dat hat te krijen mei nije taken lykas it ferheegjen fan kaden en it bouwen fan wetterkearings. Neffens dykgraaf Paul fan Erkelens fan it Wetterskip giet it benammen om saken foar it algemien belang en is de taname fan de wetterskipsbelesting foar boargers dus logysk. It Wetterskip ferset ek net mear wurk foar de boeren as tsien jier ferlyn.