Sjinkie Knegt ferspilet goud

11 feb 2012 - 20:59

Shorttracker Sjinkie Knegt hat op knoffelige wize de einoerwinning op de 1000 meter by de wrâldbekerfinale ferspile. Yn Dordrecht lei de Bantegeaster yn de finale op it earste plak, mar stuts te betiid de hannen yn 'e loft. De Kanadees Guillaume Bastille treau syn reed krekt op tiid as earste oer de streek.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)