Petysje Kinnik tsjin Jeugdwet

10 feb 2014 - 13:05

Meiwurkers fan jeugd-GGZ-ynstelling Kinnik wolle dat de Earste Keamer beslút dat de psychyske soarch oan bern foarearst net oerhevele wurdt fan de provinsjes nei de gemeenten. Steatssiktaris Van Rijn (PvdA) wol dat de oergong takom jier yngiet.

Mar neffens persoaniel yn de GGZ is dat te gau en komt dêrtroch de soarchfâldichheid yn gefaar. Fierder is der noch ûndúdlikheid oer de finansiering fan de soarch en de privacybeskerming. Moarn wurdt yn de Earste Keamer praat oer de nije Jeugdwet wêr't ek de jeugd-ggz ûnder falt.

Foarôfgeand wurdt in troch 90.000 minsken tekene petysje tsjin de Jeugdwet oanbean oan Earste Keamerleden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)