Blog: De Sjink

Sjinkie Knegt © ANP
Fjouwer jier lyn siet ik rûn dizze tiid yn febrewaris midden yn de nacht yn in tsjuster kafee yn Bantegea. Sjinkie Knegt moast ien fan syn ôfstânnen ride. Der sieten sa'n 30 man, wêrûnder heit en mem Knegt en syn freondinne. Op in beamer wie de wedstriid te sjen. De NOS die it net live, dus moasten we wachtsje op Eurosport. Tidens de race hâld ik de mikrofoan by heit Knegt. It gong ûngefear sa: "Oh. Is dat 'm? Ja. Oke." It bleau lang stil. Knegt foel út en helle gjin medalje. "Sa, dat wie it."
De famylje Knegt is in famylje fan net al tefolle wurden. En ik fyn it hearlik. Geen woorden, maar daden. Soksawat.
Mei it lêste NK stie ik ek by de famylje. Knegt pakt mei oermacht de titel. Ik freegje de hoefolste titel dit eins is. "Gjin idee," sizze heit en mem. Nei ôfrin is Sjinkie sels krekt sa. "It makket my gjin bal út. Ik wol mar ien ding, op de Spelen knalle.
Mocht Sjinkie, of in oare Nederlânner, aanst in medalje helje, dan is dat in topprestaasje. Ik doar it wol oan: in brûnzen medalje helje by it shorttrack is krekt sa knap as in gouden medalje by it reedriden. Shorttrack is nammentlik in folle gruttere sport as reedriden. Amerikanen, Kanadezen, Sinezen, Japanners, Koreanen, Russen, Italianen en sa kin ik wol efkes trochgean. Noch nea helle in Nederlanner in Olympyske medalje. No soe it kinne. Mar der binne in soad kandidaten, mei Ahn en Hamelin as favoriten. Ahn is eins in Koreaan, mar rydt foar in bak jild foar Ruslân. Fan hearren en sizzen: juster trainde Sjinkie geweldich en ried hy alle oare Nederlanners op ôfstân. De spanning nimt ta.
GO SJINKIE!!!